Soarch moat mear gearwurkje

28 jun 2004 - 17:30

Ynstellingen yn de soarch moatte mear gearwurkje. Dat wie it boadskip op it tsiende en lêste debat oer it nije sosjaal belied fan de provinsje. Sân wiken lang koenen organisaasjes en boargers oanjaan wat de belangrykste tema's foar de takomst yn de soarch binne.

Fan 't hjerst stelle de Steaten fêst watfoar aktiviteiten subsydzje krije. Mooglik komt takom jier ek in searje debatten foar kultuerbelied.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)