Oerlêst op N355

28 jun 2004 - 16:14

Ferkear tusken Hurdegaryp en Ljouwert hat oerlêst fan wurk oan de provinsjale dyk N355. It wurk duorret tsien wiken. It asfalt op de súdlike rydbaan wurdt ferfongen. Ek wurde twa krusingen en in dûker ûnder de dyk troch oanpakt.

It slûpferkear oer de paralleldyk wurdt yn de gaten hâlden. As tefolle automobilisten dêr ride, komme der maatregels. Slûpferkear troch Gytsjerk is amper mooglik. Ek dêr wurdt oan de dyk wurke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)