Tûkste hûs komt net yn Fryslân

© Omrop Fryslân
It tûkste hûs komt net yn Fryslân. It projekt De Slimste Woning komt yn Limburch. Bouwned woe it hûs mei de nijste snufkes fan yndustrieel bouwen en elektrisiteit nei Dokkum helje. De demontabele bungalow soe by Eneco komme. Der soe in sintrum by mei ynformaasje oer it projekt.
Limburch hie it jild foar it projekt earder rûn. Bouwned besiket oft de snufkes yn in besteand hûs yn Dokkum oan it publyk toand wurde kinne.