Huntelaar nei Hearrenfean

28 jun 2004 - 16:00

Klaas Jan Huntelaar (20) komt by SC Hearrenfean. De Fryske klub is it iens wurden mei PSV oer de transfer fan de spits. Tiisdei prate de belutsenen mei elkoar om de transfer definityf te meitsjen.

Huntelaar moat yn Fryslân de ferfanger wurde fan Gerald Sibon. Dy sil fan takom seizoen ôf foar PSV fuotbalje. It ôfrûne seizoen wie Huntelaar ferhierd oan AGOVV. Hy waard topskoarder yn de Gouden Gids Divyzje mei 26 goals.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)