Iepenloft Burgum ferskood om EK

28 jun 2004 - 14:39

It Iepenloftspul fan Burgum fan woansdei wurdt ferskood nei tiisdei 6 july. Dat wurdt dien yn ferbân mei de fuotbalwedstriid fan Nederlân tsjin Portugal op 30 juny. De organisaasje wol it risiko net rinne om woansdei mei in leech teater te sitten. Ofrûne sneon wienen der ek al minder besikers. Doe spile Nederlân tsjin Sweden op it EK.

Reservearre kaarten foar 30 juny kinne oerset wurde nei de foarstellings op 2, 3 en 6 july.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)