'Provinsje moat Tryater stypje'

28 jun 2004 - 14:25

Tryater moat subsydzje fan de provinsje krije, no't der gjin lanlike subsydzje komt. De skriuwt de steatefraksje fan it CDA oan Deputearre Steaten. Yn de nota fan de Raad voor Cultuur stiet dat it teaterselskip foar stipe by de provinsje oanklopje moat. As Tryater net mear jild krijt, wurdt mooglik in reisfoarstelling skrast.

It CDA fynt dat Tryater royale stipe fertsjinnet om't it wichtich is foar de kultuer fan Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)