CDA: Akademy moat bestjoer hâlde

© Omrop Fryslân
De Fryske Akademy yn Ljouwert moat syn eigen bestjoer hâlde. Dat fynt de steatefraksje fan it CDA. De Fryske Akademy sit troch min bestjoer yn finansjele swierrichheden. De KNAW is ien fan de subsydzjejouwers fan it wittenskiplik ynstitút. Dy wol no mear foech oer de Fryske Akademy.
It CDA is benaud dat it Frysk-eigene fan de Akademy ferdwine kin. De fraksje hat in brief oer har noed skreaun oan Deputearre Steaten.