Wurk oan Langlânsbrêge hast dien

© Omrop Fryslân
Ferkear fan Snits nei Frjentsjer kin meikoarten wer oer de Langlânsbrêge by Dearsum. Sûnt novimber ferline jier wurdt wurke oan it ferheegjen fan de brêge. Foar de Middelseerûte moatte brêgen tusken Ljouwert nei Snits ophege wurde nei 2,5 meter.
It wurk duorre in moanne langer as pland wie. Dat komt troch oanskerpe ARBO-regels. No moatte auto's as fytsers noch omride. Fan 6 of 7 july is dat oer, as de brêge klear is.