Nije priis: De gouden lykdoarn

© Omrop Fryslân
De redaksje fan it literêre jongereinpoadium Doar.nl komt mei in nije literêre priis. Nei de simmerfakânsje set Doar.nl út ein mei 'De gouden lykdoarn'.
Der binne prizen te winnen yn kategoryen lykas 'de meast paranoïde skriuwer', 'it grutste klisjee yn in gedicht' en 'de aaklikste iepeningssin'. De priis wurdt útrikt by it Doarfeest yn Teater Romein. Sjoch ek op www.doar.nl.