Postma 3e by '15 fan Stienwyk'
Hurdrinner Heerke Postma fan De Blesse is sneontejûn tredde wurden by 'De 15 van Steenwijk'. Dat is in hurdrinwedstriid oer 15 kilometer. Postma hie 52 minuten en 43 sekonden nedich om de einstreek te berikken.
De Amsterdammer Rachid Mohammadi waard earste yn in tiid fan 47 minuten. Brahim Aibrahou, ek fan Amsterdam, waard twadde yn 50 minuten en 3 sekonden.