Trio Rutmer vd Meer wint Holwert

27 jun 2004 - 16:35

It haadklassekeatsen foar manlju yn Holwert is sneon wûn troch Rutmer van der Meer, Henk Vlietstra en Chris Wassenaar. Sy wûnen yn de finale mei 5-2 en 6-4 fan Jochum Bouma, Kor Zittema en Pier Piersma. Rutmer van der Meer en Chris Wassenaar wiene earder al útskeakele mar troch blessueres waarden se bylotte by Henk Vlietstra.

De tredde priis wie foar Klaas Berkepas, Pieter Scharringa en Taeke Triemstra dy't fan Bouma c.s. ferlearen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)