Bosk fan Ypey krijt poadium

© Omrop Fryslân
De Bosk fan Ypey by Tytsjerk krijt in podium foar lytsskalige kultuerele aktiviteiten lykas jazzbands en lytsere klassike ensembles. Behearder Stichting Beeldenpark Vijversburg wol dêrmei mear minsken nei it park lûke.
De lêste oanwinst is de saneamde 'overtuin' oan 'e oare kant fan de N355 by Swarteweisein. Dêr waard freedtejûn in keunstwurk oer de wei tild mei in grutte kraan. It ferkear waard dêrfoar stillein.