Kabinet foar gasboarrings

© Omrop Fryslân
It kabinet wol gasboarjen yn 'e Waadsee dochs tastean, sa is freed besletten. It folget dêrmei it rapport-Meijer, dat foar skean fan 'e wâl ôf boarjen is. Natuerorganisaasjes hawwe al oankondige alles te dwaan om it boarjen tsjin te gean. Ek de provinsje is op it boarjen tsjin en ûndersiket wat der no noch tsjin dien wurde kin.
Foar de gasboarrings oer stiet in ynvestearring fan 500 miljoen euro yn it Waadgebiet.