Ljouwert wint skûtsjesilen

26 jun 2004 - 17:27

Op 'e Iselmar by Starum waard sneon in wedstriid syld tusken de SKS-skûtsjes. De striid wurdt sjoen as de generale repetysje foar it SKS-skûtsjesilen dat dit jier op 24 july yn Grou begjint.

De silerij by Starum waard wûn troch it Ljouwerter skûtsje mei skipper Evert van der Pol. Ferrassend twadde waard Gerhard Pietersma mei it Earnewâldster skûtsje. Tredde waard Anne Tjerkstra mei Langwar, fjirde Douwe Visser mei Snits en fyfde Berend Mink mei Grou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)