Beachfolleybal op Saailân

© Omrop Fryslân
Dit wykein wurdt foar de fjirde kear it Ljouwerter beachbalfolleybaltoernoai holden. Dêrta is it Saailân mei tûzen kúb sân omfoarme ta in echt folleybalstrân.
Sneon treden de rekreative folleyballers oan yn bedriuwe- en hoarekateams. Snein is it Saailân de arena foar de echte kompetysje- folleyballers. Dêrby binne ek de toppers fan it Nederlânske beachfolleybal oanwêzich.