Heger berop yn gizelingssaak

© Omrop Fryslân
De fiif minsken dy't feroardield binne foar de gizeling fan in bankmeiwurker út Steggerda, geane yn heger berop. De trije jongeren dy't de gizeling útfierden, waarden koartlyn feroardield ta straffen fan 2 oant 4,5 jier sel.
Twa oaren, sjoen as it brein achter de gizeling, krigen 6 jier. De trije dieders oerfoelen de meiwurker en syn gesin yn har hûs yn Steggerda. De man moast foar har de klûs fan in bank iepenje, mar wist te ûntkommen.