Deade fûgels troch stoarm

© Omrop Fryslân
De stoarm fan woansdei hat oan lân net foar in soad skea soarge. De foarsizzings wiene in stik minder as it waar feitliks wie. Mar foar it Waadgebiet wie it waar lykwols al in lytse ramp. In soad fûgels binne it slachtoffer wurden fan it waar.
Yn it Waadgebiet binne troch de rein en de wyn de kwelders ûnderstrûpt. Dat hat in soad jonge fûgels de kop koste. It is al foar it fjirde seisoen efter inoar dat de kwelders ûnderstrûpe.