Atoglas ticht: 132 banen fuort

25 jun 2004 - 12:12

Keunststoffabrikant Atoglas slút it fabryk yn Ljouwert. Dat hat it Frânske memmebedriuw tongersdei bekend makke. Alle 132 arbeidsplakken geane ferlern. De produksje wurdt oernommen troch in fabryk yn Frankryk. De meiwurkers binne skrokken fan it nijs, mar de minsken út 'e wyk by it fabryk binne bliid.

By Atoglas wurde pleksiglês en oare keunststoffen makke. It fabryk is ûnderdiel fan Atofina, dat op it stuit oan it reorganisearjen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)