Alde saak mei DNA oplost

© Omrop Fryslân
In ferkrêftingssaak út 1989 is lang om let oplost. It cold case-team fan de plysje en it Iepenbier Ministearje yn Ljouwert ha de saak oplost.
In frou, doe 28 jier, waard ûnder bedriging fan in stekwapen yn in kelderberging yn Ljouwert ferkrêfte. Nei nij DNA-ûndersyk is in man (51) oppakt. Hy hat in ûnfolsleine bekentenis ôflein. Oer trije moanne soe de saak ferjierre wêze. De oanhâlding is it earste sukses fan it team.