Ferienings wichtich foar doarpen

25 jun 2004 - 11:36

De leefberens op it plattelân stiet hielendal net ûnder druk. It ferdwinen fan foarsjennings hat dêr net sa folle ynfloed op. As it ferienigingslibben goed is, bliuwt it plattelân leefber.

Dat is de opmerklike konklúzje fan in ûndersyk nei it belang fan doarpshuzen. Studinten fierden it ûndersyk út yn sân oer it lân ferspriede doarpen, wêr ûnder Nijlân. Doarpshuzen binne neffens dit ûndersyk hiel wichtich foar de leefberens fan in doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)