Tryater wol stipe fan provinsje

25 jun 2004 - 10:04

Tryater lûkt oan de bel. Op jierbasis komt it toanielselskip fjouwer euroton tekoart as it Ryk it advys fan de Raad voor Cultuur opfolget. Dy skriuwt posityf oer Tryater, mar de stipe wurdt net ferhege.

It ferwachte tekoart hat net inkeld gefolgen foar it selskip, mar ek foar de produksjes foar de kommende jierren. Underwiisprojekten as Geweld nee wurde te djoer. Tryater freget no de provinsje om by te springen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)