Dief Greunshiem is meiwurker

© Omrop Fryslân
Mei it oppakken fan in meiwurker fan soarchsintrum Greunshiem yn Ljouwert is in searje stellerijen oplost. De dief (43) wurke by de technyske tsjinst fan it âldereintehûs. Mei in loper hie er tagong ta de keamers fan de bewenners.
Sûnt 2000 ferdwûn geregeld jild fan de keamers fan de bewenners. Ek waard ark stellen. Dat ark is weromfûn en weromjûn oan de eigners. It stellen jild is fuort. De meiwurker hat fuortendaliks dien krigen.