Fergese syktocht nei beukers

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitemiddei yn Snits oeren socht nei twa fermiste beukers. De twa waarden moarns nei skoaltiid fermist by iepenbiere basisskoalle Driemaster yn Snits. Der is yn de buert fan de skoalle socht. Ek is in sinjalemint opsteld.
Uteinlik die bliken dat der net wat slims te rêden wie. De twa bern fan fjouwer jier wienen nei in omke fan ien fan har yn Snits rûn. Dy brocht se wer werom nei skoalle.