Bliksemynslach yn stjoermêst

© Omrop Fryslân
By de stjoermêst fan Jirnsum is woansdeitemiddei de bliksem ynslein. Neffens omropmaatskippij Nozema falt de skea ta. Allinnich de regionale radiostjoerder Waterstad FM wie in skoft út 'e loft.
Foar de oare stjoerders hie de ynslach gjin gefolgen. Der wurdt wurke oan reparaasje fan de mêst. Op de Kleasterwei tusken Appelskea en Elslo is in grouwe tûke oer de dyk waaid. De dyk is ôfset om him op te rêden.