Stroomstoaring yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn in diel fan Ljouwert is woansdei- tejûn de stroom útfallen. It giet om de Curacaostrjitte, de Julianalaan en de omjouwing.
Der is noch gjin oarsaak bekend fan de stroomútfal. Yn de rin fan de jûn waarden de oanslutingen hersteld. Guon minsken misten de televyzje bot. Oranje spile woansdeitejûn in wichtige wedstryd tsjin Letlân yn it EK fuotbal. Mei in einstân fan 3-0 giet Nederlân troch nei de kwartfinales.