Gaoatyske finish yn Ljouwert

24 jun 2004 - 10:12

De Noard-Nederlân-Tour hie woansdei in nuvere finish. Flak foar de ein yn it sintrum fan Ljouwert waard de kopgroep de ferkearde kant opstjoerd en kaam yn it drokke ferkear telâne. Rider Matthé Pronk wie wol goed riden en kaam sa op kop te lizzen. Flak foar de finish stoppe de kopgroep ek noch.

Bobbie Traksel wûn de wedstriid úteinliks. Twadde waard Rudie Kemna en tredde Rik Reinerink. Eelke van der Wal siet ek by de kopgroep.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)