Tinten net opboud fanwege stoarm

24 jun 2004 - 09:49

De iepening fan fiif doarpsfeesten yn Fryslân is om de foarseine stoarm útsteld. Tinteferhierder Schrale yn Skearnegoutum woe woansdei gjin feesttinten opbouwe fanwegen de hurde wyn en buien. Nei advys fan waarman Pyt Paulusma hat it bedriuw dat besletten. De doarpsfeesten yn Wâldsein, Wûns, Wiuwert, Mullum en Skuzum binne op syn minst in dei ferskood.

Rederij Doeksen liet De Koegelwieck woansdeitejûn net oer Flylân farre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)