Fryske grammatika yn Japansk

© Omrop Fryslân
Nei't earder al in Frysk-Japansk wurboek skreaun is, is der no ek in Fryske grammatika yn it Japansk makke. Makoto Shimizu (1958) promovearre ferline jier desimber oan de universiteit fan Hokkaido op in proefskrift oer de grammatika fan it Westerlauwersk Frysk. Syn 850 siden tellende proefskrift is no publisearre.
It wurdboek wie maaie dit jier klear en is makke troch professor Hitoshi Kodama.