Feroarings yn busferfier

© Omrop Fryslân
Goutumers kinne aanst net mear mei de bus yn Ljouwert komme. Der sitte te min minsken yn de bus en dêrom wurdt de tsjinst opdoekt. Der feroarje mear saken yn de tsjinstregeling. Sa wurdt it learlingeferfier mear ôfstimd op de grutte skoallen. Yn de Ljouwerter wenwiken Westeinde, Camminghaburen en Súd ride minder bussen yn 'e oere.
De nije stedstsjinstregeling is nedich om't Ljouwert minder jild fan it Ryk krijt foar it stedsferfier.