Boalsert moat besunigje

23 jun 2004 - 12:29

It lisjild yn Boalsert giet omheech. It is ien fan de maatregels wêrmei't de gemeente besiket de begrutting foar takom jier slutend te krijen. Boalsert hie in tekoart fan seis ton.

Earder waarden al in tal maatregels naam. De ried besleat tiisdei oer de lêste ton. Dat moat binnen komme troch mear lisjild, in oare taksaasje fan ûnreplik saakbelesting. Der wurdt ek minder reservearre foar in ferbouwing fan it gemeentehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)