Gjin ûndersyk nei Orca

23 jun 2004 - 11:15

Nei de problemen by swimferiening Orca út Ljouwert komt gjin nij ûndersyk. De PvdA yn Ljouwert woe de problemen op 'e nij ûndersykje. Orca sit finansjeel yn swier waar nei't in soad leden opseine nei de sluting fan swimbad it Kealledykje.

De gemeenteried fynt ûndersyk lykwols net nedich. Wethâlder Hafkamp fan Ljouwert besjocht no oft Orca in part fan de kosten foar it swimmen yn Stiens werom krije kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)