Siebolt Hartkamppriis útrikt

23 jun 2004 - 10:52

Yn Snits is tiisdei foar de 1e kear de Siebolt Hartkamppriis ofwol de Kleine Bouwprijs van Sneek útrikt. De sjuery kende de priis ta oan broer en susters Dirk, Jacqueline en Monique Hofstede. Sy hawwe de winkelpui fan it monumin- tale pân Grutsân 18 op ferrassende en foarbyldige wize fernije litten.

Neffens de sjuery foarmet de gevel seker tusken de mannichte lilke keunststofpuien yn de omjouwing in foarbyld foar goeie winkelarsjitekteur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)