Otter deariden yn 'e Weerribben

23 jun 2004 - 10:37

Der moat minder hurd riden wurde yn 'e omkriten fan it otter-útsetgebiet De Weerribben yn 'e kop fan Oerisel. Dat seit Steatsboskbehear nei oanlieding fan it deariden fan in twa jier lyn útsetten otter. It giet om in wyfke út Tsjechië.

De otterpopulaasje yn De Weerribben bestiet no noch út fjouwer folwoeksen mantsjes en twa wyfkes. Der moatte eins in pear by om de otter oerlibje te litten, sa seit Steatsboskbehear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)