Eask 7 moanne yn saak-Lusanne

© Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert hat sân moanne sel easke tsjin de man dy't derfan fertocht wurdt belutsen te wêzen by de ûntfiering fan Lusanne van der Gun fan Aldeberkeap. It giet om in 57-jierrige man út Tweede Exloërmond.
De man hat it famke net ûntfierd mar hy wist dat syn freon Simon S. út Ryptsjerk dat dien hie. Dêrom is er neffens it OM meiskuldich. Simon S. krige earder fiif jier sel. Syn saak wurdt 2 july yn heger berop behannele.