Film oer it libben fan Eisinga

© Omrop Fryslân
Filmmakker Anton Stoelwinder fan De Gordyk is dwaande mei in film oer it libben fan Eise Eisinga. Dat is de amateur-astronoom dy't it planetarium yn Frjentsjer makke hat. Moandei wiene der opnames by it Koorndragershúske yn Frjentsjer.
Eisinga libbe yn 'e 18de ieu en fertsjinne de kost as wolkammer. Hy hie lykwols sa'n goed ferstân dat hy partij wie foar de professoren fan 'e Frjentsjerter Universiteit.