Wer skripsjepriisfraach FA

© Omrop Fryslân
De Fryske Akademy yn Ljouwert skriuwt foar de achtste kear de twajierlikse skripsjepriisfraach út. Studinten fan universiteiten en hegeskoallen kinne sa gading meitsje nei de priis fan tûzen euro. Sy moatte dêr in ôfstudearskripsje foar ynstjoere.
It ûnderwerp fan de skripsje moat mei de Fryske taal te krijen hawwe. De taal fan de skripsje is by foarkar Frysk. De winnende skripsje wurdt mooglik útjûn. De priis waard yn 1988 ynsteld.