Wetteroerlêst skoallen op Skier

22 jun 2004 - 15:06

De twa basisskoallen op Skiermûntseach wiene tiisdei ticht fanwege wetteroerlêst. It gebou dêr't beide skoallen ynsitte kaam blank te stean nei in swiere tongerbui nachts.

It rioel koe de grutte mannichte reinwetter net oan sadat yn de lokalen tiisdeitemoarn trije sintimeter wetter stie. It personeel fan de skoallen besiket alles wer skjin en droech te krijen sadat de bern woansdei wer nei skoalle kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)