Stienzer terp moat beskerme

© Omrop Fryslân
As bliken docht dat de terp fan Stiens in belangryk argeologysk fynplak is, soe dy in beskerme status krije moatte. Dat skriuwe DS yn antwurd op fragen fan GrienLinks yn de Steaten. GrienLinks hie fragen steld omdat soarchgroep Noorderbreedte plannen hat om in soarchsintrum op de terp te bouwen. Yn it doarp is dêr ferset tsjin.
DS kinne no allinnich mar advisearje oer in beskerme status. De gemeente sil earst in fersyk yntsjinje moatte.