Fytsbrêge mei toer yn Drachten

© Omrop Fryslân
In futuristyske fytsbrêge mei in toer fan 30 meter heech wurdt it slútstik fan it wurk oan de Suderhegewei yn Drachten. De brêge wurdt takommend jier boud en sil foar fuotgongers en fytsers de Ikesingel en de Overstesingel mei inoar ferbine. Tagelyk moat de brêge in soarte fan tagonspoarte wurde foar it autoferkear dat Drachten ynkomt.
De fyts- en fuotgongersbrêge mei toer is in ûntwerp fan arsjitekt Rein Hofstra fan Grou.