Sloop 190 wenten H'fean

© Omrop Fryslân
De 190 simplekswenten yn de wyk De Akkers op It Hearrenfean moatte sloopt wurde en plakmeitsje foar nijbou. Dat hat wenningboukorporaasje Arqin foarsteld oan de bewenners. Arqin kiest foar nijbou, omdat de wyk dan langer foarút kin. De bewenners joegen ferline jier de noch de foarkar oan renovaasje.
De kosten fan renovaasje en nijbou binne 17 miljoen euro. Arqin wol graach ein 2005 begjinne mei sloop en nijbou, as de bewenners ynstimme mei it plan.