Grutte drankkontrôle: 21 boetes

21 jun 2004 - 17:29

By in grutte alkoholkontrôle yn hiel Fryslân binne sneontenacht 21 autobestjoerders betrape. De measte bekeurings binne útdield yn Ljouwert.

De kontrôles ferrûnen allgearre rêstich, útsein yn Haskerdiken. Dêr beocht in bestjoerder te ûntkommen troch sûnder ljocht hurd fuort te riden. Ek yn Burgum stode in autorider fuort. Hy ried mei in gong fan 100 km yn 'e oere troch it doarp en kaam ta stilstân yn in tún.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)