Kast-ôfskie yn 'e iepenloft

© Omrop Fryslân
De Kast moat it ôfskiekonsert, op 4 july yn Riis, mooglik yn 'e iepenloft jaan. De Teatertún mei nammentlik de oerkaping net opstelle, om't dêr gjin fergunning foar is. Buorlju hawwe dêr by de gemeente om frege. Fierders stiet it poadium ek net op it goede plak.
Eigner Van der Wal moat no in boufergunning oanfreegje foar it poadium en in frijstelling fan it bestimmingsplan. Hy tinkt dat de oerkaping gjin probleem is.