Man rêden fan ferdrinkingsdea

21 jun 2004 - 00:00

In Ljouwerter (61) hat sneon yn Earnewâld foarkommen kinnen dat in man (57) út dat plak fertronken is. De Earnewâldster waard net goed op in skou en sakke foaroer yn it wetter. De boat rûn dêrnei fol en sonk.

De Ljouwerter seach dat, sprong deryn en helle de man nei de kant ta. It slachtoffer kaam op 'e wâl wer by en is nei it sikehûs brocht. De twadde opfarrende, in man (48) út Oss, koe sels de kant berikke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)