Joop Mulder mooglik nei bûtenlan

© Omrop Fryslân
Artistyk lieder fan Oerol Joop Mulder wurdt mooglik festivaldirekteur yn it bûtenlân. As de oerheid wegeret om 2 ton ekstra subsydzje te jaan oan it festival op Skylge, dan giet Mulder nei Frankryk of Spanje. It is dan dien mei Oerol.
Snein is de lêste dei fan Oerol. It kultureel festival hat tsien dagen duorre. Mulder sil takom jier optrede as gastdirekteur by teaterfestivals yn Spanje en Hongarije.