Thialf hat wer simmeriis

© Omrop Fryslân
Yn Thialf op it Hearrenfean leit fan sneon ôf wer trije wike simmeriis. Thialf docht dat omdat benammen de toppers ek yn 'e simmer graach op it iis traine wolle. Sy sille de kommende wiken moarns traine; middeis is de baan iepen foar eltsenien. As ôfsluting fan de trije wiken simmeriis wurdt op 9 july de Thialf simmercup ferriden.
Fierder ferbout Thialf dizze simmer de iishockeyhal. De hal krijt in nij dak en nije stuollen foar it publyk.