Plysje intert stellen boat

© Omrop Fryslân
De plysje hat fan 'e moarn by Warten en man fan 22 en twa jonges fan 17 en 18 út De Jouwer oanhâlden, dy't trije boaten stellen hiene. De plysje wie warskôge troch in tsjûge, dy't seach dat ien fan 'e boaten stellen waard. De plysjeminsken stapten by de tsjûge oan board, en krigen al gau twa stellen krusers en in pream yn it each.
Omdat de manlju de boaten net stillizze woene hat de plysje in skip intere en de dieven arrestearre.