Linders ferliest koart pleit

© Omrop Fryslân
Turnster Loes Linders hat it koart pleit dat sy oanspand hie tsjin it NOC/NSF ferlern. Linders hope fia de rjochter dielname oan de Olympyske Spullen yn Atene ôf te twingen. Mar de rjochter joech it NOC/NSF gelyk dat Linders net oan de easken foldien hie.
It kommende wykein kin Linders har noch kwalifisearje by it Iepen Nederlânsk Kampioenskip yn Nijmegen. Dat jild ek foar turnster Berber van den Berg fan it Hearrenfean.