Opnij aksjes yn 'e Marwei

© Omrop Fryslân
Finzenen yn De Marwei gean sneon opnij yn staking. Se sille nei it luchtsjen wegerje om nei de sel werom te gean. Se wolle dêrmei protestearje tsjin de besunigings. Der is minder jild foar aktiviteiten, wat betsjut dat de finzenen mear op sel sitte moatte.
Boppedat binne der fiergeande plannen foar twa finzenen op ien sel. As dat begjin july troch de Earste Keamer oannommen wurdt, is it in feit. It sil ta ûnfeilige situaasjes liede.