Opfang wegeret húshâldens

18 jun 2004 - 00:00

Hieltyd mear húshâldens moatte harren hûs út fanwege skulden. De ynstellings foar dakleazen hawwe gjin plak foar dy minsken. De opfang sit fol omdat der amper útstream is nei reguliere wenten. En dat komt wer om't it oanbod op de merk fan hierwenten leech is.

Ien fan ynstellings dy't fol sit, is De Blijenhof yn Burgum. Lokaasjemanager Yde Jan Zagema moat hieltyd faker nee ferkeapje oan minsken mei in helpfraach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)