Baas: Friezen foar Suderseespoar

© Omrop Fryslân
De measte Friezen binne foar de oanlis fan it Suderseespoar, tinkt deputearre Baas. Oant no ta hawwe him gjin lûden berikt der't út bliken docht dat Friezen in rappe trein net wolle.
Yn augustus is der in referindum oer it Suderseespoar. Mocht derút bliken dwaan dat Friezen der neat foar fiele, dan sil de provinsje dat meinimme yn 'e beslútfoarming. De provinsje hat yn in nota de betingsten fêstlein op basis wêrfan't se betelje foar de trein.